MILF soe MILF net wêze as der gjin plak wie foar jong talent! En… in Reduster as gitarist! Fan enerzjike ferskes oant rêstige ballads, dizze pop/rock band makket der 5 july grif in feest fan.
Feest DJ Sipke
Fan kroech nei keet, fan feest nei festival – Sipke makket fan elk feestje in FEEST! Hy slingeret dy as in flipperkast fan rock nei R&B, fan après-ski nei hardstyle. DE Feest DJ fan it noarden!
Spare Riffs
Dizze Redústers spylje ek op MILF! Rock, rythm & blues en in fleuchje country út de jierren 50, 60 en 70 mei no en dan in útstapke nei oare desennia. Dat wolst net misse dochs?
Steek d’n Draak
Smyt dyn frou út it finster, ryd dyn auto it kanaal yn en jou de hûn in high-five. Fan dikke metal oant 80’s knuffelrock, alles ûnderdompele yn in skunnich Nederlânsktalich sauske. Steek d’n Draak bakt har sels skreaune nûmers op bourgondyske wize en fynt ynspiraasje by bands lykas Van Halen, Metallica, Whitesnake, Pantera – én fansels Gerard Joling.
Dan and the Middle Men
Swiere grooves ynjektearre mei in flinke doasis enerzjike riffs – fans fan Rage Against the Machine en Royal Blood sille harren by dizze band fuortendaliks thús fiele. Mei harren “Unreal” albumtoer, ferskate prizen én optredens op grutte festivals lykas Oerrock en it Bevrijdingsfestival, bewize se harren as live-act dy’tst absolút net misse meist.
BoemBast
BoemBast is in wiere hiphop/rock sensaasje dy’st in kear sjen moatst! Groovy beats, snoeihurde gitaren en teksten dy’t dy oan it tinken sette én oan it springen krije. Sûnt 2019 meitsje se fan elke bühne in feestje! Dit jier dogge se dat op it Muzuder Iepenloft Festival!
It Dockumer Lokaeltsje
Sûnt 1985 rammelje se mei deselde trije koppen oer spoken, treinen, kei en de ein fan de wrâld. It is punk, it is new/no wave, it is Frysk, it is hielendal harren eigen! De nije plaat komt pas yn 2026, mar yn Reduzum krijst al in foarpriuwke!
De Hûnekop
De Hûnekop, wa kin se net?! De optredens fan De Hûnekop steane bekend om de enerzjy, dêr’t alles draait om wille meitsjen. De band hat nei al dy jierren noch altyd de ynstelling fan “niks moat, alles kin” en sa rommelje se lekker troch de tiid. Net stinne mar hinne!
Fegebart
Fegebart is in indiepoprockband mei in folky ynstek út Damwâld. Ôfrûne jier ha se it Fryske Songfestival “Liet” wûn.
Florida Men
Florida Men is in punkrockband út Ljouwert, oprjochte yn 2021 en sûnt dy tiid ha de mannen al 2 albums útbrocht. Lekkere punckrock knallers beynfloedze troch bands as The Ramones, Idles ensf. Ôfrune jier ha se de Zwarte Cross platspile en no komme se op MILF.
Finyl DJ Wietse
Ast it festival terrein opkomst en dyn earste bierke drinkst, lekker genietsje fan noflike muzyk fan echte finyl plaatsjes! Finyl DJ Wietse draait se foar ús op MILF!
Wurd Freon fan MILF
Bisto in MILF gonger yn iren en sinen? Draachst it festival in waarm hert ta? Of wolst gewoan hiel graach in te gekke en unike MILF gadget krije? Wurd dan Freon fan MILF. Stjoer in mail mei dyn namme en oantal freonen nei info@muzuder.nl en krij ek noch 10% koarting op dyn tagongskaart én dyn namme op de “Wall of …
Foar de bern
In echte “tsjillhoeke” foar bern & jeugd! Leuke spultsjes en mear! QlubbRED fersoarget dit en der binne leuke dingen te dwaan foar alle leeftiden!
Foodtrucks
Eltsenien kin in goeie boaiem lizze by de foodtrucks dy’t op it festival stean. Lekker iten fan ús eigen Blauwe Tent of in lekkere pizza fan Sybz Pizza Foodtruck?! Lekker ite!
Silent disco
Elts dy’t syn “dance moves” efkes flink showe wol, kin in protte wille belibje yn ’e silent disco! Sykje dyn eigen playlist út en gean hielendal út dyn plaat yn dyn eigen bubbel!