Yn de wrâld fan de Tigers fan Greonterp wurdst troch Frysktalige poëtyske teksten meinaam. De songs falle op troch harren pakkende, meloadyske gitaarlinen, wêrby ’t de bas en drums driuwend en ritmysk binne yn in hypnotisearjende kadâns. Super bliid dat disse band, mei fansels ús eigen Leo, MILF ôftraapjen komt!
