Pulse

MarikeBand

It unike lûd en de eigen nûmers fan PULSE binne in ferfrissende miks, ynspirearre troch de ferskillende muzykstylen fan harren heiten en fol mei libbensûnderfiningen fan de jongerein yn al syn nuânses. Ferwachtsje in boeiende kombinaasje fan de tiidleaze rock-‘n-roll fan de Rolling Stones, de rauwe grunge fan Nirvana en de enerzjy fan Herman Brood en syn Wild Romance, en old school punk van De Chats. Frontman Daan lit mei syn rûge stim de muzyk troch dyn ieren pulsearje!