Sjoerd ensa

MarikeBand

Dizze 4 mannen sjonge oer it hiele libben. Tink oan tema’s as : leafde, Heitelân, freonskip mar ek oer saken as persoanlike wrakselingen en de dea. Harren muzyk hat ferskeidene ynfloeden. Folk, indy, rock, punk, alles hearst werom. De misje fan Sjoerd ensa is dan ek om Fryslân wer op de kaart sette en sjen litte dat de Fryske taal eat is om GRUTSK op te wêzen. Fan ballads oant yntime settings oant feestjûnen. Alles kin mei Sjoerd ensa.