ImageImage

Muzuder Iepenloft Festival 2024


Stel dy ris foar... In sinnige sneon yn july, lekker iten en drinken, goeie muzyk en leuke aktiviteiten foar jong en âld! Op sneon 6 july 2024 is it wer safier, it Muzuder Iepen Loft Festival! Fan 16:16 oere ôf kinne jim komme om te genietsjen op it festivalterrein op de Buorren 19 yn Reduzum. We binne noch drok dwaande mei de tariedings, dus hâld ús webside en socials yn'e gaten!
Image
Nog
We zijn los!
Dag(en)

6 july 2024 
Fan 16:16 - 00:16 oere

Tickets

Bisto in MILF gonger yn hert & nier? Draachst it festival in waarm hert ta? Of wolst gewoan hiel graach in te gekke en unike MILF gadget krije? Foar € 25,- it jier wurdst al Freon fan MILF. Stjoer in mail mei dyn namme en oantal freonen nei info@muzuder.nl en krij ek noch 10% koarting op dyn tagongskaart én dyn namme op de "Wall of Fame".


Wurd Freon fan MILF
Programma 2024

Bildtstar

-

Get ready to rock your socks off!  Want ast by Bildtstar noch altyd tinkst oan ierappels, hast de lêste tiid ûnder in stien libbe! Dizze mannen hawwe keihurd wurke om harren muzyk de wrâld yn te blazen, en op 6 July binne se by ús te bewûnderjen! Raw oldschool, fast and trashy, with that glimmering hint of shiny class rock and roll”, dat is Bildtstar.

Learn More

Pieter Sahieter

-

Nei alle machtige bands slute we dizze wylde edysje fan MILF ôf mei de hits fan Pieter Sahieter! Mei ferskes as Woanskip mei Anneke Douma, In Nije Dei mei De Kast en Gjin Gesodemieter mei De Doelleazen, is Pieter Sahieter útgroeit tot dé ôfsluter fan de Fryske feesten en festivals.

Learn More

Finyl DJ Wietse

-

Ast it festival terrein opkomst en dyn earste bierke drinkst, lekker geniete fan noflike muzyk fan echte finyl plaatsjes! Finyl DJ Wietse komt se foar ús draaien op MILF!

Learn More

Spare Riffs

-

Dizze band út eigen doarp sjochst ek op 6 july! Sy spylje benammen rock, rythm & blues en in fleuchje country út de jierren 50, 60 en 70 mei no en dan in útstapke nei oare desennia.

Learn More

Damaged Justice – Metallica Tribute

-

Metallica tribute Damaged Justice ek op MILF! Dizze ervaren muzikanten spylje net allinnich Metallica, se libje it! Mei eksplosive muzyk, enerzjy op it poadium en in yndrukwekkende ljocht- en gelûdshow bringe sy âlde tiden wer ta libben.

Learn More

Too sloeg en de Watjongs

-

Too Sloeg en de Watjongs is een band die niet vies is van een biertje of twee of drie of… Ze nemen het leven niet al te serieus en dat geldt ook voor hun sloege muziek. Soms gaat het mis, soms gaat het goed maar ze doen hun best. Wel staan ze altijd garant voor een avond vol gekkenhuis watjong.

Learn More

The Shakedown 8

-

Dizze band spilet meardere sjenres. Meast punk, ska en folk, mar ek reggae, sigeuner en rock-‘n-roll komme foarby. Nei eigen sizzen lestich om dan de fuotten op de grûn te hâlden! Dêr wolst by wêze dochs?

Learn More

Sjoerd ensa

-

Dizze 4 mannen sjonge oer it hiele libben. Tink oan tema’s as : leafde, Heitelân, freonskip mar ek oer saken as persoanlike wrakselingen en de dea. Harren muzyk hat ferskeidene ynfloeden. Folk, indy, rock, punk, alles hearst werom. De misje fan Sjoerd ensa is dan ek om Fryslân wer op de kaart sette en sjen litte dat de Fryske taal eat is om GRUTSK op te wêzen. Fan ballads oant yntime settings oant feestjûnen. Alles kin mei Sjoerd ensa. 

Learn More

Pulse

-

It unike lûd en de eigen nûmers fan PULSE binne in ferfrissende miks, ynspirearre troch de ferskillende muzykstylen fan harren heiten en fol mei libbensûnderfiningen fan de jongerein yn al syn nuânses. Ferwachtsje in boeiende kombinaasje fan de tiidleaze rock-‘n-roll fan de Rolling Stones, de rauwe grunge fan Nirvana en de enerzjy fan Herman Brood en syn Wild Romance, en old school punk van De Chats. Frontman Daan lit mei syn rûge stim de muzyk troch dyn ieren pulsearje!

Learn More

Asbest

-

ASBEST, Das best! Mit bier, sjek n’ anpotende boererock, komm’ disse 3 jonge honden vanuut t’ Stellingwarfse platteland de bende op stelten zette! Brent Trave zit med’n zak vol pit achter t drumstel te raggen, Ritme Roan loat de vloer op n’ neer trillen mit zien bassgitaar, en Jannes Scheltinga bleerd iederene de tente uut! Teksten over kroeg avonturen, fixerij, drank n’ rokerij, onderbouwd deur n’ scheurend stellegie roeghouwers! Woar ie nu bin, of woar ie bin west, ASBEST, das best!

Learn More
Aktiviteiten 2024

Wurd Freon fan MILF

Bisto in MILF gonger yn hert & nier? Draachst it festival in waarm hert ta? Of wolst gewoan hiel graach in te gekke en unike MILF gadget krije? Wurd dan Freon fan MILF. Stjoer in mail mei dyn namme en oantal freonen nei info@muzuder.nl en krij ek noch 10% koarting op dyn tagongskaart én dyn namme op de “Wall of Fame”.

Learn More

Silent disco

Elts dy’t syn “dance moves” efkes flink showe wol, kin in protte wille belibje yn ’e silent disco! Sykje dyn eigen playlist út en gean hielendal út dyn plaat yn dyn eigen bubbel!

Learn More

Foodtrucks

Eltsenien kin in goeie boaiem lizze by de foodtrucks dy’t op it festival stean. Lekker iten fan ús eigen Blauwe Tent of in lekkere BBQ of snack fan snackbar Het Zonnetje… Lekker ite!

Learn More

Foar de bern

In echte “tsjillhoeke” foar bern & jeugd! Leuke spultsjes en mear! QlubbRED fersoarget dit en der binne leuke dingen te dwaan foar alle leeftiden!

Learn More

Tickets


It is safier! De foarferkeap is los! Keapje dyn fia dizze website of helje dyn tickets by Café bar de Welp of de Blauwe Tent. 

Tickets
Ynfo

Stipers 2024
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image