

Muzuder Iepenloft Festival 4 july 2026
Stel dy ris foar... In sinnige sneon yn july, lekker iten en drinken, goeie muzyk en leuke aktiviteiten foar jong en âld! Op sneon 4 july 2026 is it wer safier, it Muzuder Iepen Loft Festival! Fan 15:15 oere ôf kinne jim komme om te genietsjen op it festivalterrein op de Buorren 19 yn Reduzum. We binne noch drok dwaande mei de tariedings, dus hâld ús webside en socials yn'e gaten!
Bisto in MILF gonger yn iren en sinen? Draachst it festival in waarm hert ta? Of wolst gewoan hiel graach in te gekke en unike MILF gadget krije? Foar € 25,- it jier wurdst al Freon fan MILF. Stjoer in mail mei dyn namme en oantal freonen nei info@muzuder.nl en krij ek noch 10% koarting op dyn tagongskaart én dyn namme op de "Wall of Fame".
Bedlam in Belgium (AC/DC tribute)
-Rock ’n Roll sa’t it bedoeld is. Hurd, rau en fol enerzjy ⚡
Piter Wilkens
-In echte ikoan út de Fryske muzyk. Mei syn werkenbere lûd, klassikers en jierrenlange ûnderfining wit er elk publyk te reitsjen.
Janna & de Sjekkiedraaiers
-Enerzjike covers en Fryske fertalingen mei in eigen twist. Fan CCR oant De Hûnekop… alles mei lef en karakter
Angry Chair
-Ynspirearre troch Soundgarden, Alice in Chains en Pearl Jam bringe se swiere riffs, dikke drums en melodyen dy’t hingjen bliuwe. Tink headbange, meiraze en in soad enerzjy!
Wurd Freon fan MILF
Bisto in MILF gonger yn iren en sinen? Draachst it festival in waarm hert ta? Of wolst gewoan hiel graach in te gekke en unike MILF gadget krije? Wurd dan Freon fan MILF. Stjoer in mail mei dyn namme en oantal freonen nei info@muzuder.nl en krij ek noch 10% koarting op dyn tagongskaart én dyn namme op de “Wall of Fame”.
Silent disco
Elts dy’t syn “dance moves” efkes flink showe wol, kin in protte wille belibje yn ’e silent disco! Sykje dyn eigen playlist út en gean hielendal út dyn plaat yn dyn eigen bubbel!
Foodtrucks
Eltsenien kin in goeie boaiem lizze by de foodtrucks dy’t op it festival stean. Lekker iten fan ús eigen Blauwe Tent of in lekkere pizza fan Sybz Pizza Foodtruck?! Lekker ite!
Foar de bern
In echte “tsjillhoeke” foar bern & jeugd! Leuke spultsjes en mear! QlubbRED fersoarget dit en der binne leuke dingen te dwaan foar alle leeftiden!


























