ImageImage

Muzuder Iepenloft Festival 2024


Stel dy ris foar... In sinnige sneon yn july, lekker iten en drinken, goeie muzyk en leuke aktiviteiten foar jong en âld! Op sneon 6 july 2024 is it wer safier, it Muzuder Iepen Loft Festival! Fan 16:16 oere ôf kinne jim komme om te genietsjen op it festivalterrein op de Buorren 19 yn Reduzum. We binne noch drok dwaande mei de tariedings, dus hâld ús webside en socials yn'e gaten!
Image
Nog
Dag(en)

6 july 2024 
Fan 16:16 - 00:16 oere

Tickets
Programma 2024

Sjoerd ensa

-

Dizze 4 mannen sjonge oer it hiele libben. Tink oan tema’s as : leafde, Heitelân, freonskip mar ek oer saken as persoanlike wrakselingen en de dea. Harren muzyk hat ferskeidene ynfloeden. Folk, indy, rock, punk, alles hearst werom. De misje fan Sjoerd ensa is dan ek om Fryslân wer op de kaart sette en sjen litte dat de Fryske taal eat is om GRUTSK op te wêzen. Fan ballads oant yntime settings oant feestjûnen. Alles kin mei Sjoerd ensa. 

Learn More

Pulse

-

It unike lûd en de eigen nûmers fan PULSE binne in ferfrissende miks, ynspirearre troch de ferskillende muzykstylen fan harren heiten en fol mei libbensûnderfiningen fan de jongerein yn al syn nuânses. Ferwachtsje in boeiende kombinaasje fan de tiidleaze rock-‘n-roll fan de Rolling Stones, de rauwe grunge fan Nirvana en de enerzjy fan Herman Brood en syn Wild Romance, en old school punk van De Chats. Frontman Daan lit mei syn rûge stim de muzyk troch dyn ieren pulsearje!

Learn More

Asbest

-

ASBEST, Das best! Mit bier, sjek n’ anpotende boererock, komm’ disse 3 jonge honden vanuut t’ Stellingwarfse platteland de bende op stelten zette! Brent Trave zit med’n zak vol pit achter t drumstel te raggen, Ritme Roan loat de vloer op n’ neer trillen mit zien bassgitaar, en Jannes Scheltinga bleerd iederene de tente uut! Teksten over kroeg avonturen, fixerij, drank n’ rokerij, onderbouwd deur n’ scheurend stellegie roeghouwers! Woar ie nu bin, of woar ie bin west, ASBEST, das best!

Learn More

Bildtstar

-

Get ready to rock your socks off!  Want ast by Bildtstar noch altyd tinkst oan ierappels, hast de lêste tiid ûnder in stien libbe! Dizze mannen hawwe keihurd wurke om harren muzyk de wrâld yn te blazen, en op 6 July binne se by ús te bewûnderjen! Raw oldschool, fast and trashy, with that glimmering hint of shiny class rock and roll”, dat is Bildtstar.

Learn More
Aktiviteiten 2024

Silent disco

Elts dy’t syn “dance moves” efkes flink showe wol, kin in protte wille belibje yn ’e silent disco! Sykje dyn eigen playlist út en gean hielendal út dyn plaat yn dyn eigen bubbel!

Learn More

Foar de bern

In echte “tsjillhoeke” foar bern & jeugd! Leuke spultsjes en mear! QlubbRED fersoarget dit en der binne leuke dingen te dwaan foar alle leeftiden!

Learn More

Tickets


Wachtsje net te lang en keapje dyn kaarten foar it Muzuder Iepenloft Festival no! Kinst dyn kaarten online bestelle fia disse knop of  by Café Bar de Welp of by De Blauwe Tent. Op is op, dus wês der gau by! 

Tickets
Ynfo

Stipers 2023
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image